16/03/2026
De ôfrûne wiken reizge ús Fryske flagge-caravan troch Waadhoeke. Fan doarp nei doarp. In kopke kofje, in dúmke en foaral: yn petearen mei minsken.
Wy hearden in soad oer wat minsken dwaande hâldt. Oer wurk, wenjen, ús lânskip en moetsjen yn eigen doarp. Oer enerzjy en selsredsumens: wol wat dwaan, mar mei draachflak. En oer it belang fan foarsjennings dy’t doarpen leefber hâlde.
Mar wy hearden ek dat it fertrouwen yn de lanlike polityk ôfnaam is. En dat de kommunikaasje fan de gemeente soms better kin. Beloftes om werom te beljen wurde neffens minsken net altyd neikommen. As dat sein waard, seinen wy: fertel ús mear, wy komme graach lâns om te lústerjen en der fan te learen. Tagelyk wiene it ek gewoan moaie, noflike petearen. Oer it doarp, it fuotbaljen, kultuer en Fryske gewoanten.
Underweis ha wy ek Priuwe fan it programma belibbe. In bysûnder húskeamerkonsert yn De Koornbeurs, entûsjaste jonge bern dy’t mei gymden, en in aksje foar in basisfoarsjenning dy’t faak fergetten wurdt: iepenbiere én tagonklike húskes.
Wat wy ek meinimme fan dizze kampanje? De petearen mei jongerein. Sy wolle meitinke oer de takomst fan harren gemeente. Dêr moatte wy f***e faker nei lústerje, sy binne ús takomst.
De kampanje hat nochris dúdlik makke wat foar ús wichtich is:
𝘄𝘂𝗿𝗸, 𝘄𝗲𝗻𝗷𝗲 𝗲𝗻 𝗺𝗲𝗶𝗱𝘄𝗮𝗮𝗻. 𝗠𝗲𝗶-𝗶𝗻𝗼𝗮𝗿. 𝗬𝗻 𝘂́𝘀 𝗪𝗮𝗮𝗱𝗵𝗼𝗲𝗸𝗲.