24/04/2026
AKKE WOL BESTJOERE
Ik bin Akke de Ka en wy wenje achter it tredde kloksgat fan ‘e toer, ik en myn man Durk.
Jim ha my dit jier mist op de jierfergadering fan Doarpsbelang. Want dy ha ik boykotten. Dat komt omdat se my net yn it bestjoer ha woene. No ’t Anneke en Corry ophâlde wurde der nije bestjoersleden socht. Ik seach de oprop yn it foarige krantsje. Nije bestjoerleden moatte in bân ha mei Rie en Mienskip belangryk fine. Dat is wat foar my, tocht ik drekst. Oft ik in bân ha mei Rie? Is de paus katolyk? Dus dat sit wol goed. En by my draait alles om Mienskip. It leit hjir yn ‘e haven, neist Dienskip en Sienskip. Dat ik my melde by it bestjoer. Ik sei: sykje net fierder, foar jim stiet jim nije bestjoerder. Ik bin ien fan oanpakken, sa ferfolge ik myn pitch. Ik mei der graach ynbatse. Ik ha de bek yn beide hannen, wat altyd fan pas komt at jo it opnimme moatte tsjin burokraten, lykas de gemeente. Ik ha de lêste tiid goed opletten hoe it yn de wrâld om en ta giet, dat ik wit wat der hjoeddedei nedich is om je sin troch te driuwen. Goed roppe en raze en, at it moat, dingen blokkeare. At de gemeente net om lyk wol as it Rie oanbelanget, dan faar ik mei Mienskip nei Boer en blokkearje dêr de Flokkersbocht. Kin der net in toeristeboatsje mear troch it Wiid. En at se it al besykje, dan torpedearje ik se. Nei de kelder mei dy lju. Dan skite se by de gemeente sân kleuren stront, want de hiele toeristyske sektor komt stil te lizzen. Dat soe in ramp wêze. Dus ite se út de hân fan Doarpsbelang. Stekt der in tegel omheech fan it trottoir op ‘e Doanjumerdyk? Ien kik en dêr komt al in autootsje fan de gemeente oanriden. Groeit der in tiksel tusken de stiennen fan de Hoofdstrjitte: itemditem. Gjin stroomkabel foar Suderom 2? Hoe ’n dikkenien woene jo ha, mefrou De Ka?
De iene nei de oare foarsjenning kinne wy sa hjir wer werom krije. Allegear tanksij bestjoerslid Akke de Ka. Yn feite kin ik dat Doarpsbelang ek wol allinnich bestjoere. Dat ik sei tsjin de oaren: bliuw tenei mar thús, dan rinne jim my ek net foar de fuotten.
Mar it koe neat wurde, sei it bestjoer, myn opstelling soe te autokratysk wêze. No freegje ik jo. Ik?? In autokraat?? Neat derfan. Freegje Durk mar.
Durks Akke