It Hokje

It Hokje It Hokje is it jeugdhonk foar Nijewier e.o. en is wiekeliks ipene.

Allegear noch de beste winsken foar dit nije jier 🤝🏻💋! Dat we mar wer in prutte bierkes drinke meie mei ús allen! 🍻Om te...
02/01/2026

Allegear noch de beste winsken foar dit nije jier 🤝🏻💋! Dat we mar wer in prutte bierkes drinke meie mei ús allen! 🍻

Om te begjinnen, moarn! Moarnjûn stiet by in prutte minsken omcirkele yn de aginda, de finale fan it WK-Darts 🎯. Dit woenen wy graach efkes yn It Hokje besjen mei elkenien die dit leuk fynt. Sportfinales binne trochgeans altiid in garânsje foar geselliche Hokje jûntsjes. Wolst graach mei in ploechje omraze datst it f***e better kinst dan de manlju op de TV, dan bist moarnjûn fan herte wolkom! It Hokje sil rûn 19:30 har doarren ipenje. Oant moarn!

De waargoden soarchen foar in lyts tsjinslachje yn de tariedings fannacht, mar de mannen fan Van Kammen soenen jir jaloe...
30/12/2025

De waargoden soarchen foar in lyts tsjinslachje yn de tariedings fannacht, mar de mannen fan Van Kammen soenen jir jaloers op wêze!

Al mei al, wy binne d'r klear foar. Oant moarn! 💥🍻

Alwer drok dwaande mei de tariedings foar âldjiersdei (fluitsje fan in sint mei ús moaie nije paad 😁). Woansdei fanôf in...
28/12/2025

Alwer drok dwaande mei de tariedings foar âldjiersdei (fluitsje fan in sint mei ús moaie nije paad 😁). Woansdei fanôf in oerke as 7 moarns kin d'r mar wer om raak knalt wurde en weromblikt wurde op wer in moai (feest)jier. Elkenien is fansels fan herte wolkom om ús jir efkes by de supporterjen ûnder it genot fan in fleske bier en wot waarme fersnaperingen. Snert fan de Prinskes, in soepke fan Jan as in lekker truckerbaltsje mayo? De keuze is reuze.

Wy sjuche jim allegear wer hiel graach ferskynen op it Mearsfjild, oant woansdei! 💥🍻

Wer in machtiche sjoeldei hân juster! Mei name yn de poulefase fleachen de scores troch it dak mei in soad 100+ scores. ...
21/12/2025

Wer in machtiche sjoeldei hân juster! Mei name yn de poulefase fleachen de scores troch it dak mei in soad 100+ scores. De knock-out wie krekt wat minder fan niveau, sil wol oan 'e drank lein hawwe. Mar dêrom hawt ús podium fan dit jier it net minder fertsjinne! Om it 3e plak wie in heuse partnerstriid, de sponning wie om te snijen, mar Marije kaam as beste út 'e striid. Nynke is wederom fier kaam yn har titelferdediging mar se hie dit jier har krûd krekt wot te betiid ferskettem en moest yn 'e finale dochs har kroan ôfstean oan 'e hereboer, de winnaar fan disse edysje fan it NK Sjoelen! It poadium fan dit jier:

1. Jan Freerk Havinga
2. Nynke Meindertsma
3. Marije De Bruin

No sa, wy sille noch efkes mei de fuortsjes langút, úsself te barsten frette mei it krystdiner en dan sjuche we jim allegear graach wer op âldjiersdei! 💥🍻

20/12/2025

De polskes al wat los? De kringspier al wot soepel? Nee? Dan soe 'k mar gauw begjinne! Fanmiddei gean we los. NK Sjoelen, ynrin fanôf 14:30 en wy starte rûn de klok fan 15:00 oere. Ferjit net in 10je yn dyn bûse te trieuwen foar in vies lyts snackje om itenstiid 🍟

Oant straks! 🍻

Noh goeie, wer in skoftsje flink wat radiostilte fan ús kant. Mar jo witte fansels dat wannear de moanne Desimber oanbre...
01/12/2025

Noh goeie, wer in skoftsje flink wat radiostilte fan ús kant. Mar jo witte fansels dat wannear de moanne Desimber oanbrekt, wy stadich oan wer út ús hjerstsliep holtsjes weikrûpe foar de gesellichste tiid fan it jier. 🤌🏻🍺🎄

Oan it ein fan 'e moanne wer karbydknallend it jier út op it Mearsfjild ûnder it genot fan goudgele pretcilinderkes, snert, baltjes en al it oare smikkelguod wat d'r by heart. Heurlik. Mar earst moatte wy ús noch eefkes in slach yn 'e rûnte sûp... eeh, sjoele. It NK om presys te wêzen.

Sneon 20 desimber is it safier, fanôf 15:00 oere geane wy wer los en mei elkenien syn trots fanatyk ferdedigje oan de sjoelbak. Foarich jier wie it niveau wol sa alderjassest heech op ús NK, wy binne beneid as wy dat wer evenare kinne. Tinksto no, dot sil wol in prutte geswets wêze, dan daagje wy dy út om mei te dwaan! 20 desimber, 15:00 oere, It Hokje Nijewier.

As râneaktiviteit fansels it moaiste gokspultsje fan it jier, it Ranzige Rad! Senuwachtiche Sietse & Hitsige Lollo binne as we speak de nijste gadgets wer oan it útprobearjen. Gelukkich hawwe sy san hip 'zit-sta bureau', want sy sille moarn wol net mear noflik sitte kinne. Prachtich. Moai at je sokke frijwilligers mei hert foar de saak hawwe. Fanôf 19:00 jûns litte sy it rad hinne en wer slingerje foar in lytse fergoeding per lot. 🍀

Oer lytse fergoedingen sprutsen, foar in bydrage fan in skammel €10je, foarsjuche wy dy om itenstiid fan wot lekkers út 'e frituurpanne. Kinst de maag fêst wenne litte oan it krystdiner. 🍟

En bûten al disse serieuze aktiviteiten om, is d'r wis noch romte foar wot fuortsjes fan de flier. Dus slagget it middeis net, dan komst gewoan jûns efkes om in bierke, hoe meer zielen, hoe meer vreugd! 🍻💃🏻

Feestelike groetnis,
Freonen fan It Hokje

Wat hawwe wy wer in hearlik nachtje hân op It Mearsfjild ôfronne nacht. Ondanks in iets beperkter oantal dielnimmers wie...
21/09/2025

Wat hawwe wy wer in hearlik nachtje hân op It Mearsfjild ôfronne nacht. Ondanks in iets beperkter oantal dielnimmers wienen d'r dochs in prutte taskôchers om alle keatsers driftich oan te moedigjen. 💪🏻 It wie beregesellich, sawol binnen as búten de lynen. 🍻

Nochmaals tige tank oan alle frijwilligers, sponsoren en dielnimmers foar in slagge Nachtkeats partij. Wy sjuche jim graach folgend jier wer by de jubileum edysje, dêr meitsje we in dikke klapper fan!

De priiswinnaars fan fannacht;

B-Klasse

Verliezersronde;
2. Jan Gerrit Fokker, Joanne Wijtsma & Richtsje Eisenga
1. Wiebe Turkstra, Anneke Swart & Gosse Jan Braaksma

Winnaarsronde;
2. Jan Bekker, Paulien Post & Minke Schoorstra
1. Laura Allema, Peter van der Mossel & Nynke Meindertsma

A-Klasse

Verliezersronde;
2. Pieter Kooistra, Enno Cuperus & Hans Anema
1. Marcel Wijtsma, Gerben Durk de Vries & Gert van der Meulen

Winnaarsronde;
2. Femme Haakma, Jacob Durk Bergema & Jesse Boonstra
1. Jan Kooistra, Wiebe Jan Jongeling & Susanne Torensma

Oant jûn! 😎🍺
20/09/2025

Oant jûn! 😎🍺

It opjeftekanaal is TICHT. Spiitichernôch wat minder keatsers as wêr wy op hoopt hienen, mar mei in dikke 40 man op papi...
17/09/2025

It opjeftekanaal is TICHT. Spiitichernôch wat minder keatsers as wêr wy op hoopt hienen, mar mei in dikke 40 man op papier moat it ek zeker slagje! Mei alle taskôchers d'r by sil it feest d'r fêst net minder om wêze! 🍻🥳

Rest ús no noch eefkes it tankwurd oan de sponsoren die disse Nachtkeatspartij mei mogelik meitsje. Dêr binne wy wer tige wiis mei, want sùnder hun gjin Nachtkeatsen! Allegear TIGE TANK!!!

Oant sneon! 🌠⚾️🥳🍺

🚨 Opjaan foar it Nachtkeatsen kin allinich HJOED noch, oant 18:00 oere! Twyfelst noch? Jou dy gewoan op! It giet om de g...
17/09/2025

🚨 Opjaan foar it Nachtkeatsen kin allinich HJOED noch, oant 18:00 oere!

Twyfelst noch? Jou dy gewoan op! It giet om de gesellichhiid. Wy kinne grif noch wol wot animo brûke 💪🏻

Home Welkom op de website van K.F. De Trije Doarpen. Op deze website vind je alle actuele informatie over het kaatsseizoen 2025. Het opgeven voor de kaatswedstrijden gaat ook via deze website. Dit kun je doen op de pagina ‘Wedstrijdopgave‘ wanneer je je hebt opgegeven krijg je een bevestigingsma...

Minsken, moat jim no ris sjen wat in skitterend moai waar at wy sneon krije. 🤩 De waargoden binne ús geunst! Dat betsjut...
15/09/2025

Minsken, moat jim no ris sjen wat in skitterend moai waar at wy sneon krije. 🤩 De waargoden binne ús geunst! Dat betsjut datst no echt gjin ekskuus meer hawst om te fersaken. Dus hup, allez, nei www.kfdetrijedoarpen.com en jou dy op! 💨

Opjaan kin oant kommende woansdei 18:00 oere!

No sa, wy hawwe wêr in moai feestje hân yn de foarstêd fan Nijewier ôfrûne wykein 💃🏼. No we dêr yntusken foarsichtich fa...
10/09/2025

No sa, wy hawwe wêr in moai feestje hân yn de foarstêd fan Nijewier ôfrûne wykein 💃🏼. No we dêr yntusken foarsichtich fan herstelt binne, kin de tréning foar it moaiste sportspektakel fan de neisimmer mar wer begjinne! Wy binne yn elts gefal drok dwaande mei de foarbereidingen om d'r wer in moai Nachtkeatsfeestje fan te meitsjen 🥳. Dit jier as nije tafûging sels broadsjes Shoarma yn de catering, Gert Jan self even, machtich net?

It dielnimmersfjild fult sich stadichoan al moai op! 💪🏻 De earste foarsichtiche waarsfoarsizzings liekje ús gelukkich ek frij knap mei te sitten foar in moaie jûne/nacht. 🌝

Hawsto dy al opjûn? Nee?! Doch dat dan fia: www.kfdetrijedoarpen.com!

(Ja ja, wy kinne ek al wat mei AI, leuk plaatsje hi?)

Adres

Terpstrjitte 2a
Niawier
9138SL

Openingstijden

Maandag 19:00 - 22:00
Dinsdag 19:00 - 22:00
Woensdag 19:00 - 22:00
Donderdag 19:00 - 22:00
Vrijdag 19:00 - 22:00
Zaterdag 19:00 - 22:00
Zondag 19:00 - 22:00

Telefoon

+31624132467

Website

Meldingen

Wees de eerste die het weet en laat ons u een e-mail sturen wanneer It Hokje nieuws en promoties plaatst. Uw e-mailadres wordt niet voor andere doeleinden gebruikt en u kunt zich op elk gewenst moment afmelden.

Delen