FNP Wetterskip Fryslan

FNP Wetterskip Fryslan Contactgegevens, kaart en routebeschrijving, contactformulier, openingstijden, diensten, beoordelingen, foto's, video's en aankondigingen van FNP Wetterskip Fryslan, Politieke partij, Fryslanplein 3, Leeuwarden.

08/01/2026

Bouwe op fertrouwen!

Binnen in pear dagen publisearje wy ús ferkiezingsprogramma dat de leden yn desimber fêststelden. De titel fan ús programma is ‘ Betrouwen ‘. De ynlieding fan dat programma diele wy hjoed mei jo.

Betrouwen komt rinnende en giet op it hynder, sizze se wolris. En dêrom is it fan grut belang om dat te koesterjen, want it is foar FNP Waadhoeke de wichtichste basis fan ús hanneljen. It bepaalt hoe’t wy nei inoar en nei de mienskip sjogge: sjogge wy benammen striid en wantrouwen, of sjogge wy in mienskip, wêryn’t minsken besykje inoar te respektearjen, ek as it dreech wurdt?

Lês it hiele ferhaal op ús website:
https://www.fnp.frl/waadhoeke/2026/01/07/bouwe-op-fertrouwen-stim-list-3/

Bouwen op vertrouwen!

Binnen enkele dagen publiceren we ons verkiezingsprogramma dat de leden in december vaststelden. De titel van ons programma is ‘Vertrouwen’.
De inleiding van dat programma delen we vandaag met u.

Vertrouwen komt te voet en gaat te paard, zegt men wel eens. En daarom is het van groot belang om dat te koesteren, want het is voor FNP Waadhoeke de belangrijkste basis van ons handelen.
Het bepaalt hoe we naar elkaar en naar de samenleving kijken: zien we vooral strijd en wantrouwen, of zien we een mienskip, waarin mensen proberen elkaar te respecteren, ook als het lastig wordt?

Jûn sil yn de gearkomst fan it Algemien Bestjoer  it nije beliedsplan Fryske taal fêststeld wurde. Útgongspunt dêrby is ...
08/07/2025

Jûn sil yn de gearkomst fan it Algemien Bestjoer it nije beliedsplan Fryske taal fêststeld wurde. Útgongspunt dêrby is dat it brûken en fersterkjen fan de Fryske taal foar Wetterskip Fryslân gjin frijbliuwende saak is.

Der binne sân maatregels omskreaun dy't derfoar soargje moatte dat it Frysk faker en better sichtber is, sadat elkenien him frij en útnûge fielt om de taal sels ek te brûken yn kontakten mei it wetterskip. Dy maatregels slute oan by it taalbelied dat de provinsje, as karlûker fan it Frysk, yn 2024 fêststeld hat.

De sân maatregels yn it koart:

Mear Frysk en twataligens op de webside
Mear omtinken foar Frysk yn parseberjochten
Fryske passaazjes yn stikken foar it Algemien Bestjoer
Omtinken foar Frysk op boubuorden
Mear omtinken foar taalkursussen
Mear sichtberens fan it Frysk yn ús entree
Better oanheakje by taaloerlizzen fan de provinsje

De mooglikheid om it. frl-domein ta te passen is ûndersocht binnen de amtlike organisaasje. Hjirby die bliken dat sa’n oergong hege kosten en ek befeiligingsrsisiko’s mei him meibringt. Foar it deistich bestjoer is dit reden om hjir no gjin wurk fan te meitsjen. De befiningen binne taljochte yn in memo oan it algemien bestjoer.

De FNP-fraksje tinkt hjir oars oer en fynt de .frl ekstinksje tige wichtich foar de Fryske identiteit fan it Wetterskip. Se sille jûn yn’e mande mei de fraksje fan Water Natuurlijk/Geborgd Natuur mei in alternatyf útstel komme om de domeinnamme wetterskipfryslan.nl te feroarjen yn wetterskip.frl !

28/02/2025

ℙ𝕣𝕠𝕥𝕖𝕤𝕥 𝔽𝕣𝕪𝕤𝕜𝕖 𝕪𝕟𝕗𝕣𝕒𝕤𝕥𝕣𝕦𝕜𝕥𝕦𝕖𝕣
𝐃𝐞 𝐒𝐭𝐞𝐚𝐭 𝐧𝐢𝐦𝐭 𝐅𝐫𝐲𝐬𝐤𝐞 𝐲𝐧𝐟𝐫𝐚𝐬𝐭𝐫𝐮𝐤𝐭𝐮𝐞𝐫 𝐧𝐞𝐭 𝐬𝐞𝐫𝐢𝐞𝐮𝐬! Lit dyn stim hearre!

𝐒𝐧𝐞𝐨𝐧 𝟏 𝐦𝐚𝐚𝐫𝐭
𝟏𝟓:𝟎𝟎𝐨.
Brêge by Twellegea

Dizze wike krigen de ynwenners fan Top en Twel it hurde nijs dat de súdkant fan it twillingdoarp noch oant 2029 ta fan de rest skieden wêze sil. De reden is efterstallich ûnderhâld troch Rykswettersteat oan de 90 jier âlde brêge.

Sjoch foar mear ynfo + it parseberjocht op fnp.frl en 𝐤𝐨𝐦 𝐦𝐨𝐚𝐫𝐧 𝐧𝐞𝐢 𝐓𝐰𝐞𝐥𝐥𝐞𝐠𝐞𝐚!

28/02/2025

“𝙀𝙧𝙖𝙨𝙢𝙪𝙨𝙗𝙧𝙚𝙜𝙚 𝙍𝙤𝙩𝙩𝙚𝙧𝙙𝙖𝙢 𝙛𝙤𝙡𝙨𝙡𝙚𝙞𝙣 𝙛𝙚𝙧𝙩𝙪𝙩𝙚𝙖𝙧𝙯𝙚”.

𝙍𝙤𝙩𝙩𝙚𝙧𝙙𝙖𝙢-𝙉𝙤𝙖𝙧𝙙 𝙚𝙣 -𝙎𝙪𝙙 𝙤𝙖𝙣𝙩 2029 𝙩𝙖 𝙛𝙖𝙣 𝙞𝙣𝙤𝙖𝙧 𝙨𝙠𝙞𝙚𝙙𝙚𝙣”

Sa’n kop yn de kranten soe de lanlike polityk op syn grûnfêsten skodzje litte. Spoeddebatten soene folgje en der soe daliks in opdracht oan de regearing komme om de pine te ferminderjen. Der soe alle war dien wurde om de brêge hiel fluch te reparearjen. Fansels is dat in fiktive situaasje.

Dêr wol...

𝕆𝕡𝕚𝕟𝕪𝕤𝕥𝕚𝕜 - "𝔼𝕝𝕜𝕖 𝕣𝕖𝕘𝕚𝕠 𝕥𝕖𝕝𝕥. 𝕆𝕗 𝕟𝕖𝕥...?"

𝙊𝙖𝙧𝙚 𝙬𝙚𝙧𝙠𝙡𝙞𝙠𝙝𝙚𝙞𝙙
Dizze wike krigen de ynwenners fan Top en Twel it hurde nijs dat de súdkant fan it twillingdoarp noch oant 2029 ta fan de rest skieden wêze sil. De reden is efterstallich ûnderhâld oan de 90 jier âlde brêge. Yn de trije moannen dy’t de brêge al ûnbrûkber is, hawwe guon ynwenners al tûzenen kilometers omride moatten. In ûnhâldbere situaasje.

𝙀𝙡𝙠𝙚 𝙧𝙚𝙜𝙞𝙤 𝙩𝙚𝙡𝙩. 𝙊𝙛 𝙣𝙚𝙩...
Dit kabinet sprekt te pas en te ûnpas fan “Elke regio telt”. Mar hieltyd mear ferliest it rapport út 2023, omearme yn it regearakkoart fan it kabinet Schoof, oan krêft. De regio merkt der hast neat fan dat dy meitelt, mei de brêge fan Top en Twel as sprekkend foarbyld. Leefberens, de sosjale gearhing en de lokale ekonomy steane ûnder druk. Undernimmers moatte kilometers omride. Mei in kabinet dat in soad oandacht foar de regio beloofde en foarme is troch partijen dy’t in soad stimmen yn de regio binnen helle hawwe, soene je wat oars ferwachtsje.
Yntusken rint de lobby foar de Lelyline troch. De winsk nei goede ferbiningen mei de rest fan it lân is op himsels te begripen. Mar de lokale en regionale ferbiningen binne op syn minst krekt like wichtich, en dy steane troch jierren fan efterstallich ûnderhâld op in soad plakken hjir ûnder druk. Oant 2029 wachtsje op in brêge dy’t ús ynwenners ferbynt is in ûnhâldbere situaasje en folslein net akseptabel.

Dinie Visser, Steatelid FNP
Tsjerk Bouwhuis, Fraksjefoarsitter FNP yn de gemeente Súdwest-Fryslân

Op 17 desimber fregen wy it deistich bestjoer om út namme fan it deistich en algemien bestjoer in driuwend skrieuwen oan...
28/02/2025

Op 17 desimber fregen wy it deistich bestjoer om út namme fan it deistich en algemien bestjoer in driuwend skrieuwen oan de oare oerheden (provinsje en Fryske en Grinslanner gemeenten) op te stellen mei dêryn:

💧It driuwend fersyk om har ferantwurdlikheid te nimmen en der alles oan te dwaan om de KRW doelen te heljen
💧De troch Wetterskip Fryslân sinjalearre knyppunten oan te jaan en har op te roppen ta in mienskiplike oanpak ûnder rezjy fan Wetterskip Fryslân
💧De oanbelangjende regionale oerheden, kolleezjes, gemeenterieden en Provinsjale Steaten periodyk te ynformearjen en te belûken by de foarútgong fan de KRW-maatregels en (mienskiplike) knyppunten oan te pakken

Sjogge wy hjir it effekt?! Goed inisjatyf provinsje!
FNP Fryslân

05/02/2025

𝕀𝕟 𝕡𝕖𝕥𝕖𝕒𝕣 𝕞𝕖𝕚 𝕋𝕣𝕪𝕟𝕥𝕛𝕖 𝔸𝕝𝕓𝕒𝕕𝕒, 𝕎𝕖𝕥𝕥𝕖𝕣𝕤𝕜𝕚𝕡🌊
Yn Waterkracht, it blêd fan de Unie van Waterschappen, stie hjoed in ynterview mei Tryntje Albada, ús FNP-er yn it Wetterskip. In nijsjirrich petear oer kompleksiteit, kommunikaasje en de takomst fan it wetterskip.

Lês it folsleine ynterview op ús webside: https://www.fnp.frl/blog/nijs/in-petear-mei-tryntje-albada-wetterskip/



Tryntje Albada

26/06/2024
Wite reek nei dat wy yn oktober 2023 de situaasje Grou oan 'e kaak stelden.Hurd wurkjen foar it Wetterskip en diskutabel...
28/05/2024

Wite reek nei dat wy yn oktober 2023 de situaasje Grou oan 'e kaak stelden.
Hurd wurkjen foar it Wetterskip en diskutabele hobbels, mar it giet oan!

15/05/2024

GrienLinks en de FNP binne fan miening dat de passive hâlding dy’t de oerheid hat […]

09/05/2024

🏠 Funderingsvragen? Kom langs op het inloopspreekuur van het Funderingsloket Fryslân.

📅 Op donderdag 23 mei staan we voor je klaar bij de Oranjerie in Joure.

🕙 Tussen 10:00 en 12:00 uur kun je zonder afspraak binnenlopen voor een kopje koffie en jouw funderingsvragen stellen. Geen afspraak nodig.

➡️ www.funderingsloket.frl

We bliuwe waaks!
30/04/2024

We bliuwe waaks!

Adres

Fryslanplein 3
Leeuwarden
8914BZ

Meldingen

Wees de eerste die het weet en laat ons u een e-mail sturen wanneer FNP Wetterskip Fryslan nieuws en promoties plaatst. Uw e-mailadres wordt niet voor andere doeleinden gebruikt en u kunt zich op elk gewenst moment afmelden.

Delen