12/06/2026
“Watfoar fleis wolst do op de bbq? Wat fynsto lekker? Wat soest keapje wolle?” Mei dit soarte fan fragen giene learlingen fan ferskate skoallen hjoed op paad yn Sint Nyk.
It is wer de twadde freed fan de moanne en dat betsjut: Fryske Freed! 🎉
Dizze kear binne wy by Taaldoarp Frysk yn Sint Nyk. Hjir fiere learlingen by lokale bedriuwen petearen yn it Frysk en oefenje se de taal yn de praktyk.
De bern giene op besite by:
📍Wind Bloemen
📍Kapsalon KapArt
📍 Tres Vers
📍 Jumbo
📍 Drogisterij en Parfumerie De Magneet
Tige tank oan alle winkeliers foar de meiwurking!
🎥 Sjoch mei!