Taalplan Frysk 2030

Taalplan Frysk 2030 Taalplan Frysk 2030

Dat der yn ’e provinsje Fryslân Frysk praten wurdt, witte wy allegear. Mar witst al dat der yn it Dútske Noard-Fryslân e...
10/06/2026

Dat der yn ’e provinsje Fryslân Frysk praten wurdt, witte wy allegear. Mar witst al dat der yn it Dútske Noard-Fryslân en Sealterlân ek in foarm fan it Frysk praten wurdt? It Frysk is echt in taal fan ’e wrâld.
Mei Taalplan Frysk 2030 wolle wy alle bern yn Fryslân in kâns biede om (oer) de Fryske taal en kultuer te learen en te brûken. Wat foar dy? Jou Frysk!

Attinsje foar 200 eksamen-kandidaten Fryske taal en kultuerDe provinsje is hielendal út ‘e skroeven dat 200 learlingen f...
03/06/2026

Attinsje foar 200 eksamen-kandidaten Fryske taal en kultuer
De provinsje is hielendal út ‘e skroeven dat 200 learlingen fan 14 skoallen fan ‘t jier it eksamen Fryske taal en kultuer makke hawwe. Dêrom traktearret de provinsje de learlingen op in brief en in strânlekken. Rixt Jorritsma, learling Anna Maria van Schurman yn Frjentsjer, krige it pakketsje nei it meitsjen fan it eksamen út hannen fan eksamensekretaris Falco Braaksma. Rixt moast bot laitsje: ‘Grappich dat ik no al wat krij, ik wit noch net iens seker oft ik it wol helle haw, ik fûn de earste tekst bêst wol pittich, mar ik tink it wol hear.’ Noch net alle pakketsjes binne útdield, guon learlingen krije it by de diploma-útrikking.

Wêrom wurdt ‘verkeerd’ yn it Frysk net sa skreaun? Stim mei!
02/06/2026

Wêrom wurdt ‘verkeerd’ yn it Frysk net sa skreaun? Stim mei!

29/05/2026

“Is der in spûk yn tsjerke of dream ik?” Yn de Steateseal fan de Provinsje Fryslân is Hanna Hallema fan ‘e Fûgelsang út Berltsum útroppen ta winner fan it Skriuw! Bernediktee 2026, de skriuwwedstriid foar learlingen út groep 7 en 8. De dikteetekst wie basearre op it spûkferhaal fan Lisanne Okkema fan CBS de Bonkelder út Wytmarsum, dy’t yn april mei har ynstjoering de Skriuw! Ferhalewedstriid wûn.

Hjir in filmke!

Se dreamde derfan om juf te wurden, mar yn oplieding ta ûnderwiisassistinte ûntduts Janita dat se it leafst op de middel...
27/05/2026

Se dreamde derfan om juf te wurden, mar yn oplieding ta ûnderwiisassistinte ûntduts Janita dat se it leafst op de middelbere skoalle lesjaan woe. Dat betsjutte dat se trochleare moast.

It kardiel Frysk op it mbû hie har sa bot ynteressearre, dat se besleat har yn te skriuwen foar de oplieding dosint Frysk én dosint Nederlânsk. Twa foltiidopliedings, dy yn kombinaasje oanbean wurde. Hoe’t se wit dat dit ít is? Hiel simpel, seit Janita: “Ik fyn it no echt moai om mei skoalle dwaande te wêzen. Ik fyn it nijsgjirrich en ik lear in soad. Ik praat fansels wol altyd Frysk, doch alles yn it Frysk, mar ik wie der absolút gjin ekspert yn. Dêr wurkje ik no wol nei ta.”

Yn de kommende jierren binne der mear learkrêften en dosinten nedich mei it foech Frysk. Wolsto ek ekspert wurde én meiwurkje oan it behâld en de fierdere útbou fan de taal? Jou Frysk!

Benijd nei Janita har ferhaal? Of útfine wat der mooglik is? Sjoch op: https://joufrysk.frl

Hanna Hallema wint it Skriuw! Bernediktee 2026“Is der in spûk yn tsjerke of dream ik?” Yn de Steateseal fan de Provinsje...
27/05/2026

Hanna Hallema wint it Skriuw! Bernediktee 2026
“Is der in spûk yn tsjerke of dream ik?” Yn de Steateseal fan de Provinsje Fryslân is Hanna Hallema fan ‘e Fûgelsang út Berltsum útroppen ta winner fan it Skriuw! Bernediktee 2026, de skriuwwedstriid foar learlingen út groep 7 en 8. De dikteetekst wie basearre op it spûkferhaal fan Lisanne Okkema fan CBS de Bonkelder út Wytmarsum, dy’t yn april mei har ynstjoering de Skriuw! Ferhalewedstriid wûn.

Hanna hie mar 6 flaters en mocht dêrom in grutte trofee mei nei hûs nimme. Twadde waard Dieuwke Buma fan ’e Master Frankeskoalle út Earnewâld mei 9 flaters. It tredde plak, mei 20 flaters, wie foar Wybe van Stralen fan de Klinkert yn Sleat.
Hast 30 learlingen fan 20 basisskoallen út Fryslân diene dit kear mei oan it diktee. Sjongeres en skriuwer Janneke Brakels lies de dikteetekst foar. De dreechste wurden wiene dochs wol yslik en alderheislikst, mar dochs hiene in soad bern it wol goed skreaun.

Oer Skriuw!
Skriuw! is de fuortsetting fan it Lyts Frysk Diktee, mar yn in oare opset. Foarhinne krigen skoallen oefendiktees tastjoerd, en waarden bern nei in seleksjediktee útnûge foar de dikteefinale op it Provinsjehûs. Skriuw! is f***e mear as dat. Skriuw! is in ferhalewedstriid én skriuw-evenemint foar learlingen fan groep 7 en 8. Skoallen kinne kieze om mei te dwaan oan de ferhalewedstriid, it diktee, of beide.

Mei kreative skriuwopdrachten yn de klassen wurdt besocht om saf***e mooglik bern Frysk skriuwe te litten. Sa wurkje de learlingen bygelyks ta nei in ferhaal foar de ferhalewedstriid fan Skriuw!. Wa’t it bêste ferhaal skreaun hat wint in priis, en boppedat wurdt it winnende ferhaal as basis brûkt foar de tekst fan it bernediktee fan Skriuw!.

De organisaasje fan Skriuw! yn hannen fan Cedin, Afûk, provinsje Fryslân en Fryske Akademy. Mear ynformaasje oer Skriuw! is te finen op de website fan Skriuw!.

Op de pjutte-opfang Middelstein yn Mullum stiet sûnt in skoft in opfallend, mar effektyf helpmiddel: de fynselkast. Wat ...
26/05/2026

Op de pjutte-opfang Middelstein yn Mullum stiet sûnt in skoft in opfallend, mar effektyf helpmiddel: de fynselkast. Wat op it earste each in ienfâldige kast mei fakjes liket, blykt yn de praktyk in rike learomjouwing dêr’t taalûntwikkeling, rekkenfeardichheden, âlderbelutsenheid en meartaligens yn gearkomme. Wy praten mei fêstigingsmanager Sandra oer de wurkwize en de opbringsten.

“De vindselkast wordt gevuld door de kinderen samen met de pedagogisch professionals,” fertelt Sandra Verhagen, de eigner fan Middelstein. “Dat doen we meestal op één ochtend, als we een nieuw thema voorbereiden.” Op dit stuit is dat tema ‘muzyk’. Yn sa’n tariedingsmomint en mei help fan in tal keazen wurdkaarten geane de bern aktyf op syk nei foarwerpen dy’t by it tema passe. Se speure it lokaal ôf, fergelykje, kieze en bringe harren fynsten nei de kast.

Krekt yn dat proses ûntsteane weardef***e learmominten. Net elk foarwerp past nammentlik samar yn in fakje. “Soms zijn voorwerpen te groot.” leit Sandra út. Dan ûntdekke bern dat it net past. Dat is fuortendaliks in learûnderfining oangeande oriïntaasje op romte en rekkenjen. Ek it tsjinoerstelde komt foar: in oerfloed oan foarwerpen foar ien fakje. “Dan moeten de kinderen kiezen: wat past beter? Wat vinden we het belangrijkst?” Dêrby sille de bern ek telle hoef***e foarwerpen se hawwe. Sa hat de fynselkast f***e mear wearde as allinnich wurdskatûntwikkeling. En troch bern sels sammelje te litten, kieze en oarderje, wurde sy mei-eigener fan it learproses.

De kar om de fynselkast yn ‘e gong te pleatsen, by de kapstôk, blykt in wichtige suksesfaktor te wêzen. Ynearsten stie de kast yn it lokaal, mar de ferpleatsing soarge foar in nije dynamyk. “In de gang praten kinderen’s ochtends met hun ouders over het thema,” seit Sandra. Se beneame de wurdkaarten en litte sjen wat der yn de kast leit. De wurdkaarten binne fan Doenkids en binne twatalich. Ek dat hat effekt. “Wij zien dat de Friestalige ouders de voorwerpen bewust in het Fries benoemen met de kinderen. Als er Nederlandstalige kaarten hadden gestaan, zouden ze deze waarschijnlijk eerder (alleen) in het Nederlands benoemen.” De twatalige wurdkaarten passe yn it twatalige belied dat pjutte-opfang Middelstein sûnt 2023 ynfierd hat en dat neffens Sandra poerbêst rint en foldocht. “Onze twee Friestalige professionals houden het Fries consequent vast, zelfs (meestal) tegen collega’s, wat nog het lastigst is. Het leuke is dat de kinderen er totaal niet van opkijken.” Underwilens fine kollega’s it sels gek klinken as Pauline en Annemarie soms even Nederlânsk prate.

Wolst ek mei twatalige opfang oan de slach? Sjoch op www.sfbo.nl foar mear ynformaasje oer it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’.

Geweldich moai!
23/05/2026

Geweldich moai!

23/05/2026
Der is mar ien oplossing foar dizze puzzel en lit dat no krekt ék de oplossing wêze foar it tekoart oan dosinten Frysk… ...
20/05/2026

Der is mar ien oplossing foar dizze puzzel en lit dat no krekt ék de oplossing wêze foar it tekoart oan dosinten Frysk…

Adres

Harkema

Website

Meldingen

Wees de eerste die het weet en laat ons u een e-mail sturen wanneer Taalplan Frysk 2030 nieuws en promoties plaatst. Uw e-mailadres wordt niet voor andere doeleinden gebruikt en u kunt zich op elk gewenst moment afmelden.

Delen