FNP Opsterlân

FNP Opsterlân Contactgegevens, kaart en routebeschrijving, contactformulier, openingstijden, diensten, beoordelingen, foto's, video's en aankondigingen van FNP Opsterlân, Politieke partij, Hoofdstraat, Beetsterzwaag.

In partij dy't harren ynset foar de romte, romte foar de takomst, romte foar de natuer, romte om te wenjen en te libjen yn de mienskippen en doarpen wêr wy ús thús fiele.

Yn de provinsje binne sy wekker by de FNP. Der binne genôch ynfrastrukturele opjeften yn ús provinsje dy hja no oanpakke...
07/05/2026

Yn de provinsje binne sy wekker by de FNP. Der binne genôch ynfrastrukturele opjeften yn ús provinsje dy hja no oanpakke moatte.

Sparje foar in Lelyline dy't benammen fertuten docht foar de Rânestêd!, en ús lânskip en mienskip unomkearber feroaret is sêft sein ûnferstânnich.

🚅 𝗙𝗲𝗿𝗻𝘂𝘃𝗲𝗿𝗶𝗻𝗴 𝗼𝗲𝗿 𝘂𝘁𝘀𝗽𝗿𝗮𝗸𝗲𝗻 𝗟𝗲𝗹𝘆𝗹𝗶𝗻𝗲.

👉 Mei fernuvering hat de FNP hjoed kennis naam fan de berjochtjouwing oer de Lelyline. Yn ferskate artikels wurdt sprutsen oer in jierlike reservearring fan mar leafst 40 miljoen foar de spoarline.

✅ It bestjoersakkoart “Oparbeidzje foar Fryslân”, oannaam troch Provinsjale Steaten, stelt dat Fryslân de ûntwikkelingen fan it Ryk folgje sille yn it belang fan Fryslân en de effekten dêrfan yn kaart bringe sille. Oer finansjele bydragen, lykas in jierlikse reservearring is neffens de FNP-fraksje nea in útspraak dien. Dêrom leit der gjin demokratyske legitimiteit ûnder de neamde plannen. Om dy reden hat de FNP in protte fragen (sjoch reaksjes)

De útspraken waarden dien troch de Kommissaris fan de Kening yn Grinslân, René Paas.

Hjoed makket FNP Opsterlân bekend dat wy Bert Koonstra foardrage as wethâlder.In kandidaat mei ûnderfining, ferbining me...
20/04/2026

Hjoed makket FNP Opsterlân bekend dat wy Bert Koonstra foardrage as wethâlder.

In kandidaat mei ûnderfining, ferbining mei ús mienskippen en in dúdlike fyzje op de takomst fan Opsterlân. Mei ús programma as basis wolle wy trochbouwe oan in sterke, leefbere en selsstannige gemeente.

Wy hawwe der fertrouwen yn dat Bert him mei f***e ynset sterk meitsje sil foar ús ynwenners.

👉 Lês hjir it folsleine parseberjocht:
https://www.fnp.frl/opsterlan/2026/04/20/fnp-opsterlan-draacht-bert-koonstra-foar-as-wethalder/



De Opsterlânske ôfdieling fan de Fryske Nasjonale Partij draacht Bert Koonstra foar as wethâlderskandidaat foar […]

Tige tank oan elkenien dy’t op de FNP stimd hat en ús it fertrouwen jûn hat. Mei-inoar binne wy groeid fan trije nei fjo...
19/03/2026

Tige tank oan elkenien dy’t op de FNP stimd hat en ús it fertrouwen jûn hat. Mei-inoar binne wy groeid fan trije nei fjouwer sitten yn de gemeenteried. Dêr binne wy grutsk en tankber foar.

Dizze útslach lit sjen dat hieltyd mear Opsterlanners ús lûd werkenne en stypje. In sinjaal dat wy mei de goede saken dwaande binne foar ús doarpen, ús mienskip en de takomst fan Opsterlân. Mei jim stipe kinne wy ús dêr ek de kommende jierren mei f***e enerzjy foar ynsette.

Wy lokwinskje Opsterlands Belang mei harren oerwinning.

Nochris tank foar jim stim en fertrouwen!
Jou ús de romte.

Nederlands:

Hartelijk dank aan iedereen die op de FNP heeft gestemd en ons het vertrouwen heeft gegeven. Samen zijn we gegroeid van drie naar vier zetels in de gemeenteraad. Daar zijn we trots en dankbaar voor.

Deze uitslag laat zien dat steeds meer inwoners van Opsterland ons geluid herkennen en steunen. Een signaal dat we met de juiste zaken bezig zijn voor onze dorpen, onze gemeenschap en de toekomst van Opsterland. Met jullie steun kunnen we ons daar de komende jaren met volle energie voor blijven inzetten.

Wij feliciteren Opsterlands Belang met hun overwinning.

Nogmaals dank voor jullie stem en vertrouwen!
Jou ús de romte.

🕙 Jûn, om in oer as tsien, dan mei ús jongste kandidaat, Thymen Van Den Berg by Omrop Fryslân LIVE yn de útstjoering fer...
18/03/2026

🕙 Jûn, om in oer as tsien, dan mei ús jongste kandidaat, Thymen Van Den Berg by Omrop Fryslân LIVE yn de útstjoering fertelle wa hy is, en wêrom hy der foar keazen hat om as ús nûmer 14 op de list te stean.

Dit dus live yn it programma fan Omrop Fryslân: Fryslân kiest! Tochten wy dat ferkiezingen al spannend wienen, live yn in útstjoering prate is dat fansels noch mear!

Grutsk op Thymen! 👍 Wy sjogge yn De Sweach mei dy mei!

Presintatoaren Jan Dirk de Haan en Simone Scheffer prate mei ferskate gasten. We folgje it tellen fan de stimmen en de earste útslaggen.

17/03/2026

No sa! 💪De kampanje is dien.

De lêste wiken hat FNP Opsterlân him rûnom sjen litten yn de gemeente. Spandoeken, túnbuorden, frijwilligers yn FNP-jassen, debatten, folders en struibrieven. Oeral wie de FNP te finen.

Sels juster en hjoed noch binne frijwilligers op paad west yn ferskate doarpen yn ús gemeente. Om mei ynwenners yn petear te gean en te hearren nei wat der libbet.

➡️ FNP Opsterlân. Tsjin de Lelyline, tsjin sinnefjilden yn ús moaie iepen lânskip. Mar FOAR de romte, FOAR ús taal en kultuer en FOAR ús mienskippen!👍

✅ Wy tanke Plaatselijk Belang Gorredijk, Plaatselijk Belang Ureterp, Plaatselijk Belang Bakkeveen en oare organisatoaren foar it hâlden fan de ferskate debatten wêr't wy oanwêzich wêze mochten.

En no? Wy kinne net oars sizze dan dat wy ús bêst dien hawwe. Moarn begjint it 'feest fan de demokrasy' yn de Gemeente Opsterland en mei elkenien gebrûk meitsje fan syn rjocht om te stimmen📝. Mar net foar dat wy noch efkes wer dit filmke oan jim sjen litte wolle.



✅Fanôf moarn stean der op it stimbiljet ferskate minsken út harren eigen mienskip en omjouwing op de list. Foar elts doa...
17/03/2026

✅Fanôf moarn stean der op it stimbiljet ferskate minsken út harren eigen mienskip en omjouwing op de list. Foar elts doarp binne der ien as mear FNP'ers dy't op de list stean, út eigen doarp!

Alle 5️⃣0️⃣ kandidaten steane foar de minsken fan de 16 doarpen yn ús gemeente, sy binne tichtby en belutsen. De FNP is in partij fan de mienskip en foar de mienskip.

❓No binne wy dochs wol nijsgjirrich...: ha wy no wol as net de jongste?⌨️Hoe dan ek: tige tank Leeuwarder Courant foar i...
16/03/2026

❓No binne wy dochs wol nijsgjirrich...: ha wy no wol as net de jongste?

⌨️Hoe dan ek: tige tank Leeuwarder Courant foar it "herstel". Wy binne fansels tige optein mei Thymen as 1 fan ús 50 kandidaten en it docht ús goed dat ek op oare plakken jongerein belutsen binne by de polityk. Jou se de romte!
..en ek al is de oare kandidaat fan SLIM miskien wol jonger...dat fine wy hielendal net slim😉


🌅Nei dei yn, dei út struierje is it hjoed fansels in rêstdei. Der hearlik op út en genietsje fan de romte. 🐄🦌Ek ús listl...
15/03/2026

🌅Nei dei yn, dei út struierje is it hjoed fansels in rêstdei. Der hearlik op út en genietsje fan de romte. 🐄🦌

Ek ús listlûker makke hjoed in rûntsje op syn fyts, lâns ús L-doarpen en hie de kamera meinaam. Fan Lúkswâld nei Langsweagen en dernei nei de nûmer 5 yn Lippenhuzen, ús romte belibje. Plaatsjes!

It is 14 oere op 14 maart. ⚽El Salvador, de ferlosser, Johan Cruyff spile ek altiten mei nûmer 14👕. FNP Opsterlân hat ek...
14/03/2026

It is 14 oere op 14 maart.

⚽El Salvador, de ferlosser, Johan Cruyff spile ek altiten mei nûmer 14👕. FNP Opsterlân hat ek in nûmer 14 yn de ploech stean. Lykas dy oare 14 mei der ek graach fuotbalje, mar noch f***e mear. Hy is ek nochris 14 jier âld en no al belutsen by de polityk. Foar him stean tradysjes en romte foarop. It hiele jier stiet der op saterdeis op de fjilden yn de provinsje.

⛵Ek op it wetter is der faak te finen en docht der oan skûtsjesilen by It Swarte Wief. ⛸Hy ken knap reedriden en makket ek tempo op de noardlike crossbanen. FNP Opsterlân is dan ek tige grutsk mei dizze kandidaat yn ús 50-tal:

Stim 18 maart: Thymen van den Berg!

Adres

Hoofdstraat
Beetsterzwaag

Meldingen

Wees de eerste die het weet en laat ons u een e-mail sturen wanneer FNP Opsterlân nieuws en promoties plaatst. Uw e-mailadres wordt niet voor andere doeleinden gebruikt en u kunt zich op elk gewenst moment afmelden.

Contact De Organisatie

Stuur een bericht naar FNP Opsterlân:

Delen